Sealfuotbalfroulju Drachten ferlieze earste Europeeske match

(argyffoto) © www.dijksfotografie.nl
De sealfuotbalfroulju fan de Drachtster Boys hawwe moandeitejûn yn Drachten de earste wedstriid fan it Twadde Europeeske Frouljus Sealfuotbalkampioenskip ferlern. De Friezinnen moasten it opnimme tsjin Olimpus Roma Italië. Se koene it tsjin de Italiaanske froulju net bolwurkje. By de rêst seagen de Friezinnen tsjin in achterstân oan fan 3-0. Nei it skoft kamen der noch twa tsjingoals by, sadat de einstân op in ferlies fan 5-0 foar Drachtster Boys kaam. Spanje wûn moandei mei 5-1 fan Oekraïne.
It toernoai fan it 2nd European Women's Futsal Tournament fynt plak yn Drachten, omdat de Drachtster Boys VR1 dit jier lânskampioen wurden binne. Njonken Nederlân en Italië dogge ek teams út Spanje, Portugal, Ruslân en Oekraïne mei. De wedstriden wurde spile yn de Snij Noordhal oan de Sportleane. Alle jûnen wurde yn twa groepen wedstriden spile en tongersdei is dan de finale.