Jong Cambuur boekt winst tsjin Jong Eindhoven

26 mrt 2018 - 21:49

Jong Cambuur reizge moandei ôf nei Eindhoven om it dêr tsjin Jong FC Eindhoven op te nimmen. Beide ploegen stean yn punten gelyk en se hawwe noch folop sicht op de play-offs. De Ljouwerters giene mei in achterstân fan 2-1 de rêst yn. It iennige doelpunt foar Cambuur waard makke troch Osama Ben Kaddour.

Nei de rêst slaggen de Ljouwerters deryn de 2-1 achterstân om te setten yn in foarsprong. De beloften fan Cambuur koene mei in einstân fan 3-2 wer op hûs oan. De goals yn de twadde helte waarden makke troch Cody Claver en Rutger Etten.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)