Wenningboukorporaasjes fiere lanlik aksje foar bettere cao

Mear as trijetûzen wurknimmers fan wenningboukorporaasjes yn Nederlân stake tiisdei foar in bettere cao. Hûnderten Friezen lizze it wurk ek del. Se reizgje ôf nei Midden-Nederlân om dêr mei syn allen aksje te fieren foar in heger lean. Al mear as in jier is der gjin cao. Fakbûnen FNV, CNV en meiwurkers easkje ûnder oare in leansferheging fan 2 prosint oer 2017 en 3,5 prosint oer 2018. Sawat 25.000 minsken wurkje yn de sektor. Fierders fine de fakbûnen dat de wurkdruk minder wurde moat.
Dit jier binne der al earder aksjes hâlden. De wenningboukorporaasjes wolle oer 2017 gjin ekstra lean betelje. Foar 2018 wolle se 1,5, yn stee fan 3,5 prosint betelje.