"Undersyk Techum kin noch wol in skoft duorje"

26 mrt 2018 - 20:52

It kin noch wol efkes duorje foardat echt dúdlik is hoe't it kin dat in man út Ljouwert dit wykein ferstoarn is, doe't er troch de plysje oanholden waard yn syn eigen hûs yn de Ljouwerter wyk Techum. Dat seit advokaat Bart Canoy. De man hat him bot fersetten tsjin de plysjes. Dy hawwe noch besocht om him te reanimearjen, mar dat hat net holpen.

Plysje-optreden strafweardich of net?

Canoy: De ryksresjerzje hat de saak no yn ûndersyk. Dat is in ûnôfhinklike en ûnpartijdige opspoaringstsjinst. Sy komme yn aksje as de skyn fan partijdichheid yn byld is. As der mooglik sprake is fan in strafber feit yn it gefal dat in persoan by in konfrontaasje mei de plysje dearekke is. Wolst witte wat der krekt bard is. Sa wurdt de kondysje fan it lichem ûndersocht by it NFI en wurdt der tsjûge-ûndersyk dien. Sok ûndersyk kin lang duorje en der kin ek in rekonstruksje plakfine. Sintrale fraach yn it ûndersyk is: is der sprake fan in strafweardich optreden fan de plysje of net. De plysje mei yn guon gefallen geweld brûke. Is dat geweld yn dat spesifike gefal proporsjoneel? 

Mitch Henriquez

Undersyk troch de Ryksresjerzje by in arrestaasjedeade komt net faak foar. Canoy hat it yn syn tiid noch nea meimakke yn Fryslân. Yn hiel Nederlân leit it tal gefallen ûnder de tsien. It bekendste gefal wie dat mei Mitch Henriquez. Hy ferstoar yn 2015 by syn arrestaasje yn in park yn Den Haag. Dêr waard er mei in nekkeklem yn betwang hâlden.

Trefwurden: 
Techum arrestaasje deade
(advertinsje)