Gertjan Verbeek moat fuort by FC Twente

Gertjan Verbeek © ANP
Trainer Gertjan Verbeek fan FC Twente giet fuortendaliks by de klup wei. Al mei al wie de âld-Hearrenfeantrainer noch gjin heal jier yn tsjinst by FC Twente. De klup wûn mei Verbeek mar ien duel yn de kompetysje en dêrmei stiet FC Twente no op it lêste plak fan de earedifyzje.
De nije Cambuurtrainer René Hake waard dit seizoen ek al fuortstjoerd by FC Twente fanwegen tsjinfallende resultaten. Marino Pusic nimt de taken fan Verbeek oer. Verbeek, dy't ek technysk manager wie by FC Twente, hie in kontrakt oant mids 2019.