Brinkman: "FNP moat wer mear in taalpartij wurde"

De FNP moat wer mear in taalpartij wurde. It ûntbruts de partij by de gemeenteriedsferkiezingen oan oansprekkende tema's, en mei derom hat de partij yn in tal gemeenten ferlern. Dat seit Tjibbe Brinkman yn It Polytburo.
Brinkman wie listlûker yn Achtkarspelen. Dêr rekke de partij twa sitten kwyt, en dêr net allinnich. Mei-elkoar ferlear de FNP fiif sitten yn Fryske rieden. Neffens Brinkman is de partij syn 'momintum' wol wat kwyt, al kinne de kânsen samar keare. De FNP-er wie kritysk oer de posysje fan syn partij yn it provinsjaal bestjoer. Neffens him leit de rol fan kolleezjepartij de FNP minder as dy fan opposysjepartij.