Diks: "Mear definsjejild foar cyber-oarloch nedich"

26 mrt 2018 - 19:43

It leger moat mear jild krije om in cyber-oarloch foar te kommen. Dat seit it Fryske Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GrienLinks yn reaksje op de definsjenota dy't minister Ank Bijleveld moandei presintearret. Diks wie earder wethâlder yn Ljouwert.

Yn de kranten wie moandeitemoarn te lêzen dat definsje oardel miljard euro ekstra kriget. De Twadde Keamer wist doe noch fan neat, seit Diks. Se easket in brief wêryn't de minister útleit hoe't dat kin. "Zo zijn we niet getrouwd!"

NAVO-noarm

Diks fynt it bedrach fan oardel miljard euro fierste leech. It is bedoeld foar it fuortwurkjen fan 'achterstallich ûnderhâld'.Dat is net genôch om op de NAVO-noarm út te kommen. Neffens Diks is ferskate kearen mei de minister en de steatssekretaris praat oer de gefaren fan in cyber-oarloch, en hoe dat yn Europeesk ferbân oan te pakken. "Als ik dan zie wat nu er in de defensienota staat, dan ben ik daar niet van onder de indruk."

"Cyber ûntwrichtet"

Cyber is ien fan de destabilisearjende manieren fan oarloch fieren, seit Diks. "Het verbaast me dat het bedrag zo laag is, omdat Nederland heel goed is in cyber." Wy stean yn de wrâld heech oanskreaun as it giet om cyber, seit Diks. Ferskate universiteiten hawwe dêr heech op ynset. Sy stean wrâldwiid oan de top. Diks hie ferwachte dat it kabinet dêr dan ek heech op ynset. "De gefolgen fan in cyber-oarloch binne grut. Sjoch mar nei de DDoS-oanfallen op de banken." 

Europeeske gearwurking

"It kabinet moat kieze, watfoar soart definsje oft se wolle. Wy hawwe no in leger dat alles kin op elk nivo. Kinst dy ôffreegje yn hoefierre dat noch nedich is as wy aansen oergean nei Europeeske gearwurking. Is it net folle sinfoller om dy as lân of as groep fan lannen te spesjalisearjen en earne hiel goed yn te wurden? Dêryn de gearwurking te sykjen mei oare Europeeske lannen?  No is it sa dat 27 lannen fan alles in bytsje kinne, mar wol folle minder slachkrêft hawwe as de USA. En dat wylst wy yn Europa mei ús allen in soad jild oan definsje útjouwe."

Trefwurden: 
definsjenota Isabelle Diks
(advertinsje)