Tentoanstelling oer Liwwadders en identiteit

'Liwwadders! Our past, present and future. What's yours?' is de namme fan de nije eksposysje yn de Ark Fryslân. It Historisch Centrum Leeuwarden lit dêr de identiteit fan de Ljouwerter sjen. In grut ferskaat oan Ljouwerters, fan de minsken dy't hjir berne binne oant asylsikers dy't in wente tawiisd krigen ha, is ûnderfrege foar it projekt, dat ûnderdiel is fan Lân fan taal.
It is de bedoeling dat dizze ferhalen de besikers oan it tinken sette. Dat se harsels miskien identifisearje mei ien fan de Liwwadders. Njonken serieuze saken kinne besikers ek in test dwaan hoefolle persint Ljouwerter oft se binne. De eksposysje yn de Ark Fryslân, dy't yn Prinsetún leit, is fan freed ôf iepen foar it publyk en fergees tagonklik. De útstalling rint oant en mei ein oktober.