Oprop: Brûk jild Ofslútdyk foar bredere slûs Koarnwertersân

26 mrt 2018 - 16:10

De tafaller fan 81 miljoen euro by it opknappen fan de Ofslútdyk moat brûkt wurde foar it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân en om de brêgen dêr op te knappen. Dat fine it CDA en de FNP yn Provinsjale Steaten. Se freegje Deputearre Steaten om dat oan te kaarten by it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

It ferbreedzjen fan de slûs is al jierren in winsk fan de regio, mar noch net al it jild is by elkoar. En fan it jild kinne de brêgen ek earder oanpakt wurde as dat Rykswettersteat no yn de holle hat. Der binne geregeld problemen mei de brêge, dêr't it ferkear bot lêst fan hat.

(advertinsje)