FIDEO: Keunstner M.C. Escher fûn syn ynspiraasje yn Italië

26 mrt 2018 - 16:00

Ien kear hat de yn Ljouwert berne keunstner M.C. Escher (1898-1972) noch werom west yn Fryslân. Dat wie doe't er krekt troud wie mei syn Russyske frou Jetta Umiker, en har Fryslân sjen litte woe. Se brochten ek in besite oan syn bertehûs, it Stedspaleis yn de Grutte Tsjerkstrjitte dêr't no keramykmuseum Princessehof yn sit.

Maurits Escher fûn Nederlân en oare Noardeuropeeske lannen lykwols net ynspirearjend genôch om te tekenjen. Hy socht it leaver yn Súd-Europa, yn Spanje en foaral Italië. Flak nei syn ôfstudearjen oan de Haarlemse School voor Bouwkunde en Sierende Kunsten reizge hy nei Italië. Hy hat er tolve jier wenne, wêrfan tsien yn Rome.

Nijsgjirrige linen

Yn it Italiaanske lânskip fûn hy de moaiste foarmen, foaral yn de natuer en yn de berchdoarpkes fan de Abruzzen. Maitiids luts hy der op út mei twa ezels: in pakezel en in skildersezel. Hy makke nachtlike kuiers troch Rome, omdat dan de gebouwen moai ferljochte wienen en hy de kontrasten tusken ljocht en tsjuster goed sjen koe. It gong Escher net om de klassike ruïnen of de Romeinske skiednis; hy fûn as grafikus foaral de linen ynteressant. De tekeningen dy't Escher yn Italië makke, hat er syn libben lang brûkt as basis foar syn wurk.

Yn de tentoanstelling 'Escher op reis' yn it Fries Museum is in protte omtinken foar de tekeningen út Italië. Der sille lito's, houtsneden, printen en orizjinele tekeningen te sjen wêze. Neffens it Fries Museum is dit de earste Escher-tentoanstelling dêr't safolle orizjineel wurk byinoar brocht is. De iepening is op 28 april.

Trefwurden: 
Escher Fries Museum Italië
(advertinsje)