Trije moanne finzenisstraf foar deadsbedriging op Whatsapp

26 mrt 2018 - 15:32

In man út Snits moat trije moanne de sel yn, omdat er syn freondinne fan doedestiids op Whatsapp mei de dea bedrige hat. De man seit dat se him ta it uterste dreaun hie en dat sy him ek bedrige hie. Neffens him hearde de rûge taal dy't er brûkte by harren relaasje.

De Snitser hat al ris earder feroardiele west foar mishanneling en bedriging fan syn freondinne. Doe krige er in wurkstraf en trije moanne sel ûnder betingst. Hy moat no twa fan de trije moanne fan dy staf op betingst útsitte. En foar de nije bedriging kriget er der ien moanne by.

Trefwurden: 
deadsbedriging Snits
(advertinsje)