Plysje set grutter gebiet ôf nei fynst lichem yn Harns

26 mrt 2018 - 15:20

De plysje hat yn Harns, op it plak dêr't moandei om it middeisoere hinne in lichem yn it wetter fûn is, in grutter gebiet ôfset. Op de wâl binne spoaren oantroffen, dy't de plysje feilich stelle wol, yn ferbân mei it ûndersyk. In plysjewurdfierder kin net sizze om watfoar spoaren oft it giet. Ek oer de deadsoarsaak is noch neat te sizzen.

Dûkers fan de plysje ha it lichem út it wetter helle. De identiteit is noch net fêststeld, seit de plysje. It is noch net dúdlik oft it giet om in man of in frou. Yn it mortuarium sil de plysje fierder ûndersyk dwaan. Dat kin wol oeren duorje, neffens de plysje.

Trefwurden: 
Harns plysje lichem spoaren
(advertinsje)
(advertinsje)