FNP: jild Waadfûns moat ek nei 2026 beskikber bliuwe

26 mrt 2018 - 15:03

Jild fan it Waadfûns moat ek nei 2026 beskikber bliuwe foar de regio. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. It Waadfûns hâldt oer acht jier op te bestean. Neffens in rapport fan in tal rekkenkeamers bliuwe no al tsientallen miljoenen op de planke lizzen, omdat projekten fertraging oprinne.

De FNP is benaud dat jild dat tsjin 2026 noch net útjûn is, werom giet nei it Ryk. De partij trunet der dêrom by Deputearre Steaten op oan om te avesearjen mei de projekten dy't betelle wurde mei jild fan it Waadfûns. Deputearre Steaten moatte it Ryk derop fergje dat it jild nei 2026 ek foar de regio beskikber bliuwt.

Trefwurden: 
FNP Waadfûns
(advertinsje)