Flugge boat nei It Amelân is yn gebrûk nommen

26 mrt 2018 - 14:51

It is tenei mooglik om mei it iepenbier ferfier binnen ien oere fan Ljouwert op It Amelân te kommen  Rederij Wagenborg lit in nagelnije boat seis kear deis fan Holwert nei Amelân farre. Dy reis duorret sa'n 20 minuten. Ferfierbedriuw Arriva lit busline 166 oanslute op de flugge boat mei de namme Fostaborg. Foar in inkelde reis fan de rappere bus-boat-tocht nei It Amelân moat wol 7,50 euro ekstra betelle wurde, boppe-op it reguliere taryf.

De berikberheid fan It Amelân ferbetterje, wie al in skoft de winsk fan provinsje, it Ryk en fansels de Amelanners. Omdat de fargeul op it Waad wolris foar problemen soarget, is der ferlet fan in betroubere farferbining. Mei de komst fan dizze flugge tsjinst wurdt dêr oan foldien. Ek de Fostaborg moat troch de geul, mar dy sil der minder lêst fan ha en is dus ek flugger. Der is plak foar 48 minsken. Fostaborg is neamd nei de goadinne Fosta út de Fryske mytology. Sa hat Amelân ea de namme Fostalân hân, om't der foar Fosta in tempel op it eilân wie. 

(advertinsje)