Soarchapparteminten yn âlde gemeentehûs fan Balk

26 mrt 2018 - 14:46

Yn it âlde gemeentehûs fan Balk komme tweintich soarchapparteminten. It gemeentehûs stiet foar in grut part leech sûnt de gemeente Gaasterlân-Sleat opgien is yn De Fryske Marren. De biblioteek sit deryn en in servicepunt fan de gemeente De Fryske Marren.

Dêr komme de apparteminten no by, fan soarchorganisaasje Patyna. Dizze wike wurdt de ferkeap offisjeel.

(advertinsje)