Eigener drugskotter waard al jierrenlang bedrige

De Z-181 foar de wâl © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Johannes N. de eigener fan de fiskkotter wêrop't ferline jier yn Harns 260 kilo kokaïne fûn waard, is jierrenlang troch kriminelen bedrige. Dat sei de Urker moandei yn de rjochtbank fan Amsterdam. Ek waard er ûnder druk set om drugs te smokkeljen.
De drugsfangst yn Harns wie it gefolch fan in tafalstreffer yn in oar ûndersyk. Doe't de plysje flak foar it wykein fan 9 en 10 juny ferline jier sinjalen krige dat der in partij drugs ûnderweis wie, waard it ûndersyk opskaald. De Z181 waard op see folge, en oan wâl folslein trochsocht. Dêrby kamen trettjin tassen coke foar it ljocht.
N. woe net tsjin de rjochtbank sizze wat der úteinlik foar soarge hat dat er mei de kriminelen meiwurke. Wol die bliken dat er ûnder druk set waard mei in list mei BSN-nûmers fan syn folsleine famylje. Ek waarden foto's fan syn dochter oan him sjen litten.
N. seit dat er deadsbenaud wie, en dat er tocht dat nei de plysje stappe neat úthelje soe. "Ze beschikken over alle gegevens, ik durfde het niet aan." Neffens N. wurde hy en syn famylje al moannen bedrige. De rjochtbank woe dêr mear oer witte, mar N. wegere nammen te jaan. "Wat moet ik dan doen?', sei er. "Moet ik de namen noemen? Dan ben ik misschien twee jaar eerder thuis en heb ik een paar kogels door mij heen."
N. heart tiisdei wat de eask fan it Iepenbier Ministearje wêze sil. De oare fertochten moatte letter foar de rjochter ferskine.