Rinze van der Ploeg fynt wer in earste ljipaai

26 mrt 2018 - 14:02

Rinze van der Ploeg út Koatstertille hat moandeitemoarn om 7.20 oere it earste ljipaai fan de gemeente Smellingerlân fûn. Hy die syn fynst yn in greide by De Pein. Freed wie er ek al de finer fan it earste ljipaai yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Van der Ploeg sil mei Albert Bekkema, dy't derby wie doe't it aai fûn waard, tiisdei nei boargemaster Tom van Mourik. Dêr krijt er de BFVW-oarkonde en in sulveren trofee, makke troch Anneke Reeder.

(advertinsje)