Militêren meie wer yn unifoarm oer strjitte

Nederlânske militêren meie sûnt moandei wer yn unifoarm oer strjitte. Op fersyk fan de kriichsmacht lûkt minister Ank Bijleveld it ferbod wer yn, dat sûnt 2014 yngong. De regel waard ynfierd yn ferbân mei terroristyske drigingen, mar yn 2016 alwer ferromme. Doe mochten militêren ek wer mei harren unifoarm yn de auto.
Gefoel fan feilichheid
Op de beropsoplieding foar definsje fan ROC de Friese Poort fine se it in goede feroaring. Patrick Vreeman is opliedingsmanager fan de oplieding definsje oan ROC de Friese Poort. "In een uniform zit ook iets van dat je trots mag zijn op je uniform en dat je de orde wilt handhaven", fertelt hy. Persoanlik tinkt Vreeman dat it foar de mienskip in gefoel fan feilichheid jout. "Tuurlijk heb je ook wel eens een andere gedacht als je tegenwoordig op Schiphol loopt, dat je denkt van 'wow, ze lopen er heel zwaar beveiligd bij, er is hier misschien wat aan de hand'. Maar dat is de ene kant van de medaille, de andere kant is dat je je ook veilig kunt voelen door de stevige controle", seit Vreeman.
Foar de oplieding betsjut it ek dat studinten oefenje kinne yn unifoarm yn gebieten as de Griene Stjer. Oankommend beropsmilitêr en studint Siem Leeuwen is der bliid mei. "Nu oefenen we op een terrein waar we in twee minuten door heen zijn", fertelt hy. "Ook is het een hondenuitlaatgebied en staan we ons daar in ons onderbroek aan en uit te kleden. Het is mooi dat dat straks niet meer hoeft", fertelt Leeuwen. Dêrby komt dat hy útstriele kin dat er militêr is as er meikoarten klear is mei de oplieding. "Dan kin ik sjen litte dat ik militêr bin", fertelt hy.