Bestjoerder ûngelok Waskemar is man út Hoarnstersweach

26 mrt 2018 - 10:54

De bestjoerder dy't snein oan it begjin fan de jûn omkaam by in auto-ûngelok yn Waskemar, is in 55-jierrige man út Hoarnstersweach. It slachtoffer botste op de Leidijk mei syn auto tsjin in beam, lit de plysje witte. Der sieten op dat stuit gjin oare minsken yn de auto. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is.

De plysje hat op it plak fan it ûngelok ûndersyk dien nei de tadracht. Dat ûndersyk rint noch hieltyd.

(advertinsje)