Mysterieus gat hâldt Droegeham yn besnijing...

© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Der sit mooglik in grut mystearje yn de grûn by it Heechhout by Droegeham. Freedtejûn hearden omwenners ynienen in grutte klap, wêrnei't se in gat fan sa'n oardel meter yn trochsneed ûntdutsen yn in greide tichtby de dyk. Gjinien wit hoe't it gat ûntstean koe.
Eksplosyf?
De buert nimt it sa heech op dat sels de plysje ynskeakele is. Dy hawwe ûndersyk dien nei it mysterieuze gat, en sizze dat der yn alle gefallen gjin fjoerwurkresten fûn binne. De Explosieven Opruimingsdienst wurdt no frege om fierder ûndersyk te dwaan.
Aliens?
Mar ek de mear ûngewoanere opsjes wurde iepenhâlden. Want it soe samar ris kinne dat 'it gat fan Droegeham' in bûtenierdske oarsprong hat. Dêrom sil no ek Pieter Dijkstra fan de Stjerrewacht yn Burgum ûndersyk dwaan nei it ferskynsel. Dijkstra wit alles fan de romte, stjerren en alles wat der mooglik fan boppen falle kin.
Wurdt ferfolge...