'Fryslân ûnder wetter' yn Natuurmuseum rint fertraging op

26 mrt 2018 - 10:45

De nijste attraksje fan it Natuurmuseum Fryslân giet trije moannen letter iepen as pland. It giet om de ûnderwettersafary 'Fryslân ûnder wetter'. By de bou fan de kelder is fersmoarge grûn oantroffen. It giet om spul dat lizzen bleaun is nei twa brannen yn de jierren '80. It fuortheljen fan de grûn hat in soad tiid koste. Dêrtroch moasten oare bedriuwen belutsen by de bou wurk útstelle.

Gerk Koopmans baalt fan it útstel, mar seit dat der sprake is fan oermacht. Hy wol it wurk ek net ôfraffelje, want it moat gewoan in goede eksposysje wurde. "We hadden wel wat vervuiling verwacht, maar dat het zoveel was, was wel een tegenvaller. Manenn in witte pakken kwamen om de grond af te voeren."

It is de bedoeling dat de ûnderwetterwrâld no yn septimber iepen giet foar it publyk. Dizze simmer wurdt test mei publyk. De nije útstalling wurdt 500 kante meter grut. Besikers sille mei karkes troch de útstalling riden wurde. "De nieuwe attractie zal zeker tien jaar staan, misschien wel twintig zoals het oude Fryslân ûnder wetter. Dus dan is een vertraging van drie maanden niet zoveel."

(advertinsje)