De Fryske Marren wol gjin gaswinning by Rottum

26 mrt 2018 - 10:15

Der moat gjin gas wûn wurde by Rottum. Dat advisearret de gemeente De Fryske Marren oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Under it doarp Rottum en de omjouwing leit in gasfjild, dat winningsbedriuw Vermilion oanboarje wol. De Fryske Marren wol dat net, omdat de gemeente net goed ynskatte kin wat de gefolgen binne fan de gaswinning.

"Oan de foarkant moat goed waarboarge wurde wat de gefolgen binne foar natuer en miljeu en hoe't it sit mei de feilichheid fan de minsken," leit wethâlder Frans Veltman út. "Dat moat omskreaun wurde yn it plan en dat is net deeglik en detaillearre genôch dien, fine we. We misse saken en dat moat better, dêrom ha we in negatyf advys jûn." De plannen fan Vermilion binne dus net dúdlik genôch, seit de gemeente. Dy makket him soargen oer de gefolgen foar de sûnens fan de ynwenners en oer eventuele skea.

Provinsje ek tsjin

Ek de provinsje sprekt him no dúdlik út tsjin de gaswinningsplannen fan Vermilion by Rottum. Neffens de provinsje is it folslein ûndúdlik oft der wol gas wûn wurde kin, omdat Vermilion noch net in proefboaring dien hat. En dêrtroch is it ek hielendal ûndúdlik wat de gefolgen binne foar de minsken dy't der wenje. Sjoen de gefoelichheid fan gaswinning hjoed-de-dei fynt de provinsje it ûnbegryplik en ûnbesteanbear dat Vermilion freget om akkoart te gean mei de gaswinning. De provinsje advisearret de minister fan Ekonomyske saken dan ek om Vermilion gjin tastimming te jaan om by Rottum nei gas te boarjen.

Trefwurden: 
gaswinning Vermilion Rottum
(advertinsje)