Resinsje: "De koralen fan it koar komme as in weach fan lûd"

26 mrt 2018 - 10:35

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.

Wa bisto? 
Klazina Hofstee

Wat dochsto by de Omrop?
Ik meitsje reportaazjes foar ferskate programma's lykas Tsjek, Hea! en Finster op Fryslân

Wat hasto mei kultuer?
Kultuer jout fleur en kleur oan it libben

Wêr hast hinne west? 
De Fryske Matthäus Passion fan it NNO, yn de Grutte Tsjerke yn Harns

Hoefolle stjerren? 
Fjouwer

"De Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach kin dizze dagen foar Peaske yn it Frysk belibbe wurde. It is in projekt fan Lân fan taal. It NNO lit oant en mei Goedfreed op ferskate plakken yn Fryslân de Fryske fertaling fan Peter Sijbenga hearre. 

Ik bin in Matthäus-leafhawwer, net sasear in echte kenner. Foar my draait de Matthäus om emoasje, it is it lijensferhaal fan Jezus, mar it giet ek oer it lijen fan de minske. By in moaie útfiering lûkt dat lijen dy troch de lea. Do fielst de wanhoop, it fertriet, de ûnmacht. It ferhaal fan Bach wurdt tradisjoneel yn it Dútsk ferteld, no dus yn it Frysk.

No wol it tafal dat de earste útfiering fan in Matthäus dêr't ik ea west ha, ek in Fryske Matthäus wie. Sa'n tsien jier ferlyn yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean, mei de oersetting fan Eppie Dam. Ik moast it noch wat leare, it lústerjen nei de Matthäus, ik fûn dy earste kear prachtich, mar ek in hiele lange sit (in útfiering duorret sa'n trije oeren). Eppie Dam makke mear in frije ynterpretaasje fan de tekst, nei it foarbyld fan Jan Rot, dy't de Nederlânske fertaling makke hie. Wylst Peter Sijbenga sa ticht mooglik by de orizjinele tekst bliuwt. It is foar my te lang lyn om in ferliking te meitsjen. En spitigernôch ha ik de tekst fan Eppie Dam net mear. Pas letter begûn ik de tekstboekjes te bewarjen, en no helje ik dy boekjes ien kear yn it jier út it laad.

Troch de jierren hinne ha ik geregeld by de Matthäus yn Boalsert west, ûnder lieding fan dirigint Pauli Yap. Mei ien kear in útstapke nei Naarden, it "hillichdom" fan de Matthäus yn Nederlân. Spitigernôch sieten we dêr op in ferkeard plak, folslein efteryn, neist de húskes. Steurd wurde troch minsken dy't tuskentroch even nei it húske wolle, dêrfan krijst net dat "Matthäusgefoel".

Foar my jildt: wat faker ik nei de Matthäus gean, wat moaier oft ik it fyn. Siet ik earst sa út en troch noch wolris te suchtsjen en te draaien yn de tsjerkebanken, no moat ik altyd trije kear slokke as de ein tichteby komt. Is it no alwer foarby?

En no dit jier dus de Fryske Matthäus fan it NNO yn de Grutte Tsjerke fan Harns.

It Noord Nederlands ConcertKoor nimt dy oan it begjin fan it stik, tegearre mei it Martini Jongenskoor Sneek, mei nei de lêste dagen fan it libben fan Jezus.

It Frysk lient him goed foar it lijensferhaal. En de fertaling fan Sijbenga knalt der yn: "Bin bliksem en tonger ferdwûn yn de wolken? Skuor iepen dyn fjurrige ôfgrûn, o hel!"

De evangelist nimt dy mei troch it ferhaal. Troch sykte fan syn foargonger krige Peter Gijsbertsen pas in wike ferlyn de Fryske tekst foar it earst ûnder eagen. Dat er dan sa'n goede fertolking delset, is in prestaasje fan formaat. Ik hie noch wol in oere langer nei syn stim lústerje wollen.

Alle solisten binne stik foar stik in kadoke. Wat in prachtige stimmen. It NNO hat keazen foar ynternasjonaal ferneamde solisten om de rollen fan bygelyks Jezus, Judas en Petrus te fertolkjen. Se moasten har de Fryske tekst eigen meitsje. Wat knap.

Dirigint Reinhard Goebel hat de gong der goed yn. Hy liedt it NNO yn in heech tempo troch it stik en lûkt dy oan de hierren de muzyk yn. Do kinst as harker gjin kant op, tiid om nei de siken te gapjen is der net. De koralen fan it koar komme as in weach fan lûd en lijen op dy ôf. Pikefel.

Mar by de ferneamde aria's lykas Erbamje Jo (Erbarme dich) of As myn gûlen dan omdôch is (Können Tränen meiner Wangen) hie it tempo fan my wol in bytsje leger lizze mochten, om dy triennen de romte te jaan te fallen en it fertriet echt te fielen.

Nei it prachtige slotkoar "Wy sitte yn triennen fersonken" en trije kear slokke wie it alwer foarby. Al mei al fûn ik it in yndrukwekkende Matthäus-fertolking en in oanwinst foar de Fryske taal en muzyk."

(advertinsje)