Auto bedarret yn de beammen njonken de A31

26 mrt 2018 - 08:28

By in ûngelok op de A31 by Dronryp is moandeitemoarn ien auto fan de dyk rekke. De bestjoerder rekke by it ynheljen mei syn auto de glêde wite streep, en kaam yn de slip, hjirtroch ferlear er de macht oer it stjoer. De auto bedarre op 'e side yn de beammen njonken de dyk. 

De bestjoerder koe sels út de auto komme en is troch it ambulânsepersoniel neisjoen. It slachtoffer hoegde net mei nei it sikehûs. Der liket gjin oerlêst foar it ferkear te wêzen om't de helptsjinsten fan de paralleldyk ôf helpe kinne. In berger is oproppen om de auto fuort te heljen. 

Trefwurden: 
A31 ûngelok
(advertinsje)