Helptsjinsten sykje nei slachtoffers ûngelok A32

26 mrt 2018 - 07:23

Helptsjinsten moasten sneintejûn by de A32 op syk nei slachtoffers fan in ferkearsûngelok. Oan it ein fan de jûn kaam der in melding dat der by Haskerdiken in auto fan de dyk rekke wie. Doe't de helptsjinsten hjir oankamen wie de swier skansearre auto lykwols leech.

Der waard in sykaksje op tou set om de slachtoffers te finen. Dy hiene sa'n 200 meter fierderop yn in wenning har heil socht. Hjir binne de ambulânses ek hinne stjoerd om de twa ferwûnen te helpen. It is net dúdlik hoe't de auto njonken de dyk en oer de kop slaan koe.

Trefwurden: 
ûngelok Haskerdiken
(advertinsje)