Sulver foar Bangma op it WK yn Rio

26 mrt 2018 - 06:24

Hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek hat sneintejûn sulver pakt op de 200 meter sprint by de wrâldkampioenskippen parabaanhurdfytsen yn Rio de Janeiro. Hy die dat tegearre mei syn piloat Patrick Bos. It is al de tredde medalje foar Tristan Bangma by dit WK. Hy wûn freed brûns op de fjouwer kilometer en sneon brûns op de kilometer.

It goud op de sprint wie foar Neil Fachie út Grut-Brittannië, syn lângenoat James Ball wûn it brûns.

(advertinsje)