Fryslân krijt in eigen euromunt

Fryslân hat fan tongersdei ôf in eigen euromunt. It giet om it Ljouwerter fyfke (Leeuwarden vijfje), dat offisjeel útjûn wurdt troch de Nederlandse Munt yn Utrecht. It fyfke wurdt yn in oplaach fan 50.000 útjûn, by gelegenheid fan Ljouwert-Fryslân 2018.
Yn de regel wurde sokke spesjale betinkingsmunten foaral kocht troch samlers, mar de Nederlandse Munt hat yn dit gefal hege ferwachtingen. It offisjele earste eksimplaar wurdt tongersdei slein troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert, mar eins binne de Fryske euro's al yn produksje naam.
Spesjale útjefte
Njonken it gewoane fyfke binne der ek in spesjale útjeften, yn sulver en goud, dy't in hegere wearde hawwe. De Nederlandse Munt mei yn opdracht fan it ministearje op syn meast fjouwer betinkingsmunten yn it jier útjaan. In spesjale kommisje jout advys oer wat foar saken wol of net in munt krije. Op de iene kant fan it fyfke is kening Willem Alexander te sjen, mei dêromhinne in patroan fan Frysk houtsnijwurk. Op de oare kant is in kollaazje makke fan ûnder oare pompeblêden, it Frysk hynder en in sylboat.
Gau útferkocht
De foarferkeap foar de Fryske munten is yn jannewaris úteinset. Doe binne al sa'n 45.000 ferkocht, dat betsjut dat der noch mar ûngefear 5.000 oer binne. Nije eksimplaren wurde der net mear by parse, sa fersekeret de Nederlandse Munt. Wurdfierder Alice de Groot tinkt dat Friezen sa grutsk binne op harren provinsje dat ek de oerbleaune munten gau ferkocht wurde sille. Meikoarten begjint in kampanje om de munten breed ûnder it omtinken te bringen.
It 'gewoane' Ljouwerter fyfke wurdt makke fan koper en nikkel, mei in lyts laachje sulver. By de gewoane bank binne se net te krijen, mar wol op ynternet by de Nederlandse Munt en by it goudwikselkantoar.