Bestjoerder komt om it libben by auto-ûngelok Waskemar

In autobestjoerder is snein oan it begjin fan de jûn omkaam by in auto-ûngelok yn Waskemar. It slachtoffer botste op de Leidijk tsjin in beam, sa lit de plysje witte. Der sieten op dat stuit gjin oare minsken yn de auto. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is. De plysje docht op it plak fan it ûngelok ûndersyk nei de tadracht. De dyk is ôfsletten foar ferkear.