Deade man yn hûs Techum is 30-jierrige bewenner

25 mrt 2018 - 18:57

De man dy't yn de nacht fan sneon op snein omkaam yn it wenning yn de Ljouwerter wyk Techum is de 30-jierrige bewenner fan dat hûs. De Ryksresjerzje docht snein fierder ûndersyk nei de dea fan in man. Hy ferstoar nei't er him by syn oanhâlding fersette en net goed waard.

De plysje krige sneontejûn in melding dat der yn in wenning oan It Heafek in rûzje wie. Doe't twa plysjes tusken de fjochtersbazen kamen, fersette it slachtoffer him bot. Hy waard net goed en ferstoar. De plysje hat noch besocht de man te reanimearjen. Se krigen ek help fan personiel fan twa ambulânses en in traumahelikopter. Dat helle neat út.

Trefwurden: 
Techum oanhâlding Ljouwert
(advertinsje)