VC Snits lit Sliedrecht Sport ûntsnappe

25 mrt 2018 - 17:51

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneintemiddei de topper yn de kampioenspûl tsjin Sliedrecht Sport ferlern. Yn de sporthal yn Snits waard it 3-1 foar de gasten. De setstannen wiene 26-28, 25-19, 22-25 en 25-27.

Riante foarsprongen

Snits waard yn de earste set op in flinke efterstân set, mar knokte him sterk werom. In stunt like yn de slotfaze fan de set dan ek mooglik. Sliedrecht krige in tal setpunten, dy't ferfolgens fuortwurke waarden troch Snits. Doe krige Snits sels in setpunt, mar koe dy net fersulverje. Uteinlik wie it Sliedrecht dat de set mei 28-26 pakte.

Yn de twadde set naam Snits fuortendaliks in riante foarsprong en Sliedrecht koe dy skea net mear reparearje. Snits makke it fakkundich ôf yn 25-19. De goede servicedruk naam Snits mei nei de tredde set, en de Friezinnen stiene binnen no time mei 7-0 foar. Dy foarsprong waard konsolidearre fia 10-3 en 14-7. Mar doe wie it Sliedrecht dat him werom focht yn de set. Uteinlik wie it dan ek Sliedrecht dat de setwinst pakte mei 25-22.

Yn de efterfolging

De fjirde waard in werhelling fan de tredde set. Snits naam in grutte foarsprong, mar Sliedrecht kaam geweldich werom yn de wedstriid troch tsien punten goed te meitsjen. De set waard mei 27-25 binnen helle troch Sliedrecht en dêrmei ek de winst yn de wedstriid.

(advertinsje)