VV Hearrenfean hurd ûnderút by Hollandia

25 mrt 2018 - 16:10

Yn de sneinshaadklasse A is VV Hearrenfean sneintemiddei tsjin in grutte nederlaach oanrûn tsjin Hollandia. De ploech út Hoorn wie mei 6-1 te sterk foar de Feansters. Han van Dijk sette VV Hearrenfean yn de earste helte noch op foarsprong. Hollandia makke dy efterstân noch foar it skoft goed, sadat beide ploegen mei in 2-1 stân oan de tee giene. Nei it skoft rûn Hollandia út nei mar leafst 6-1.

Trefwurden: 
fuotbal VV Hearrenfean
(advertinsje)