Hynder falt dea del by belslydjeien yn Elfstedenhal

25 mrt 2018 - 16:07

By it Iepen Nederlânsk kampioenskip belslydjeien yn de Elfstedenhal yn Ljouwert is sneintemiddei in hynder ferstoarn. It hynder foel ûnder de show foar it each fan it publyk dea del op it iis. Neffens de organisaasje krige it bist in hertoanfal. It giet om de 15-jierrige merje Hotske, fan eigener Huite Zonderland fan Skarsterbrêge. Fanwegen de dea fan it hynder waard it belslydjeien stillein. It is dêrnei mei in iismasine fan it iis sleept. It restant fan de show waard nei oerlis skrast.

It belslydjeien is tradisjoneel de ein fan it winterseizoen yn de Elfstedenhal.

(advertinsje)