In lyts stikje greide keapje om de greidefûgels te rêden

25 mrt 2018 - 11:00

Net langer stilsitte en ôfwachtsje, mar sels wat dwaan om de weromrin fan greidefûgels tsjin te hâlden. Net allinnich de boeren, mar elkenien. Dat is de ynset fan de nije kampanje fan Vogelbescherming Nederland.

De organisaasje fynt dat de oerheid te min foar de greidefûgels docht. Dêrom is sneintemoarn yn it radioprogramma Vroege Vogels de ôftraap jûn foar de kampanje 'Elke meter telt'. Dêrby kinne minsken foar fiif euro tsien kante meter gerslân keapje dat dan feroare wurdt yn in stik blomryk lân dat better geskikt is foar greidefûgels.

De fûgelbeskerming wurket hjirfoar gear mei ferskate boeren. Foar 1 july wol Vogelbescherming Nederland 50.000 euro ophelle hawwe. Dan kin der 100.000 kante meter lân geskikt makke wurde foar de greidefûgels. De fûgelbeskerming rjochtet him op fiif grutte gebieten yn Nederlân, ûnder oare by Idzegea, op Skylge en de Onnerpolder by Grins.

(advertinsje)