Wenning Techum fersegele, Ryksresjerzje docht ûndersyk

25 mrt 2018 - 10:00

De Ryksresjerzje docht snein fierder ûndersyk nei de dea fan in man yn de Ljouwerter wyk Techum. Hy ferstoar nei't er him by syn oanhâlding fersette en net goed waard.

De plysje krige sneontejûn in melding dat der yn in wenning oan It Heafek in rûzje wie. Doe't twa plysjes tusken de fjochtersbazen kamen, fersette it slachtoffer him bot. Hy waard net goed en ferstoar. De plysje hat noch besocht de man te reanimearjen. Se krigen ek help fan personiel fan twa ambulânses en in traumahelikopter. Dat helle neat út.

Fersegele

De Ryksresjerzje praat mei de minsken dy't yn de nacht yn de wenning wiene en ek mei de twa belutsen plysjes. De wenning is fersegele.

Trefwurden: 
Techum oanhâlding
(advertinsje)