Drokke stappersjûn foar helptsjinsten yn Ljouwert

25 mrt 2018 - 09:46

De plysje hat it yn de nacht fan sneon op snein drok hân mei stappers yn Ljouwert dy't har misdroegen. Sa krige in 17-jierrich famke út Ljouwert oan it begjin fan de nacht in proses-ferbaal om't se besocht mei in falsk ID bewiis in kroech yn te kommen.

Alkohol

Eefkes letter moast in 52-jierrige ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel troch de plysje oanhâlden wurde foar iepenbiere dronkenskip. By in kontrôle die nammentlik bliken dat de man noch in straf ûnder betingst hie, en gjin alkohol brûke mocht.

Om in oere as fjouwer moasten de helptsjinsten yn aksje komme foar in 44-jierrige ynwenner fan Ljouwert, om't dy troch it brûken fan alkohol en drugs net goed wurden wie. Dizze man moast nei it sikehûs brocht wurde. It is net dúdlik hoe't it no mei him is.

Unrêstich

Oan de ein fan de nacht waard de sfear om it Ruterskertier hinne grimmitich. Sa moast in 18-jierrige ynwenster fan Assen mei nei it plysjeburo om't se in 43-jierrige ynwenster fan Ljouwert swier mishannele hie. It publyk waard op dat stuit yn de binnenstêd sa ûnrêstich dat de plysje needsaak seach om de wapenstok te brûken. In 24-jierrige Ljouwerter moast hjirnei mei nei it buro foar it misledigjen fan de plysje.

Trefwurden: 
Ljouwert útgeansgeweld
(advertinsje)