Kollum: "Fanfarefamylje"

"Juster hiene wy it jierlikse kofjekonsert fan ús fanfarekorps. Alle jierren as de simmertiid yngiet, litte wy fan ús hearre. En alle jierren sit de seal fol mei saneamde 'ferplichte slachtoffers'. Dat binne heiten, memmen, pakes, beppes, broerkes en suskes en fansels oanhang dy't ferplichte mei moat. Dat heart sneuer as dat it eins is, mar feit is wol dat toeterjen no net echt in hiel stoere hobby is.
Yn Fryslân is blaasmuzyk noch altyd tige populêr. Mar gean ris nei in konkoers en sjochst dochs benammen grize kopkes. Jeugd is simpelwei net echt happich op it bespyljen fan in bugel, euphonium of bariton. Ik snap dat wol, mar toch is it skande. Want ast ien kear lid bist fan in fanfare wit ik seker datst ferkocht bist. Blaze by in fanfare is nammentlik mei neat oars te fergelykjen. Do makkest diel út fan in team mei sawol manlju as froulju en sawol jong as âld.
By ús korps sit in fanatike tromslachster fan mar leafst tachtich jier. Us jongste spilers sitte yn groep 8. Dêr sit dus hast santich jier leeftiidsferskil yn. Mar leau my: dêr fernimst eins neat fan. Mei ús allegearre hawwe wy alle tiisdeis wille. By de repetysje, yn it skoft en nei ôfrin yn de kroech. Twa wike lyn hiene wy ús stúdzjedei. Dêr waard jûns om raak mei elkoar sjoeld, Twistere en 'kakkerlakt'. Jong, âld, man, frou, jonkje, famke; elkenien heart derby.
Ferlykje dat no ris mei in oare hobby. Fuotbal: allinnich manlju óf froulju. Kuorbal: manlju én froulju, mar eins allegearre ûngefear fan deselde leeftyd. Werklik wier; sa'n ferskaat oan minsken dy't mei har allen fan itselde genietsje, fynst hast by gjin inkele oare hobby. Dat makket blaze sa bysûnder. It gefoel datst derby hearst; makket neat út hoe âld, hoe grut, hoe sterk of hoe tûk. It famyljegefoel.
Dat die juster ek wer bliken nei ôfrin fan ús kofjekonsert. Elkenien bleau sitten foar in patatsje. Net allinnich ús leden, mar ek de ferplichte slachtoffers. Want fuort nei hûs gean; dat is ek sa ûngesellich. En leau my; dat fanfarefamyljegefoel is der net allinnich by ús korps. Dat is by eins alle korpsen sa.
Mei in grutte gniis lies ik it ynterview mei dirigint Dineke Griek. Alle tongersdeitemiddeis stapt se hjir yn Fryslân mei in boerd iten op skoat yn de auto om twa oeren letter yn Giesbeek oan te kommen. Dêr stiet se nammentlik as dirigint foar fanfarekorps St. Gregorius. Foar de leafde ferhûze Dineke nei Fryslân. Mar se twifele gjin momint oer de fraach oft se ophâlde soe mei it korps. "De fanfare voelt als familie. Heen en weer rijden vanuit Friesland doe ik dus met alle liefde."
En sa is dat by my krekt sa. Ik sit al mear as tweintich jier by de fanfare en it heart miskien dom, mar ik soe se misse as it ophâlde soe. Alle tiisdeis blaas ik al myn frustraasjes derút en wichtiger noch: kom ik efkes hearlik op adem. Ik meitsje wat domme grappen, bin sa no en dan eefkes serieus, mar ik kin toch benammen mysels wêze. Want sa giet dat mei famylje: bist goed sa'tst bist."