Deade frou oantroffen yn wetter Hartwerter Feart Boalsert

25 mrt 2018 - 07:42

Helptsjinsten hawwe sneontejûn it lichem fan in frou fûn yn it wetter fan de Hartwerter Feart yn Boalsert. Krekt nei tsien oere jûns krige de brânwacht in melding dat der in persoan yn it wetter bedarre wêze soe. Doe't de helptsjinsten op it plak oankamen, die bliken dat de frou al ferstoarn wie.

De omjouwing is ôfset en de plysje docht ûndersyk nei de identiteit en de tadracht fan it ferstjerren fan it slachtoffer. In misdriuw wurdt útsletten. 

Trefwurden: 
ferstjerren deade Boalsert
(advertinsje)