Man komt te ferstjerren by oanhâlding yn Techum yn Ljouwert

25 mrt 2018 - 01:11

Yn in wenning op It Heafek yn de Ljouwerter wyk Techum is sneontenacht by in oanhâlding in man om it libben kaam. De plysje hie fan buertbewenners in melding krigen dat der yn in wenning oan It Heafek in rûzje geande wie. Doe't aginten besochten om tusken de fjochtersbazen te kommen, fersette it slachtoffer him bot. 

By de oanhâlding dy't dêrop folge waard de man net goed. Der is noch besocht om de man te reanimearjen, en ek wiene der twa ambulânses en in traumahelikopter oproppen om assistinsje te jaan by it rêden fan it slachtoffer. Dochs helle dit allegearre neat út, en ferstoar it slachtoffer. 

Ryksresjerzje

Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik. Ek is noch net bekend hoefolle minsken yn de wenning oanwêzich wiene op it momint fan de dea fan de man. De saak is oerhevele oan de Ryksresjerzje, dy't no ûndersyk docht nei de saak. De minsken dy't yn de wenning wiene op it stuit fan it barren binne opfongen en heard. 

Trefwurden: 
Techum deade plysje oanhâlding
(advertinsje)