Tristan Bangma wint opnij brûns op WK

24 mrt 2018 - 22:24

Hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek hat sneon in brûnzen medalje pakt op de kilometer by de wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen yn Rio de Janeiro yn Brazilië. Hy die dat tegearre mei syn piloat Patrick Bos. Se rieden de tredde rapste tiid. Freed wûn Tristan Bangma ek al brûns op de 4 kilometer.

Bangma komt snein ek noch yn aksje op de sprint.

(advertinsje)