UNIS Flyers ferliest ek finale BeNe-league fan Hijs Den Haag

24 mrt 2018 - 22:07

UNIS Flyers hat de finale om it kampioenskip fan de BeNe-league ferlern. De Feanster iishockeyers ferlearen sneontejûn yn in grôtfol Thialfstadion de fjirde finalewedstriid mei 5-1 fan Hijs Den Haag. Dy ploech kaam dêrtroch yn de bêste-fan-fiif searje op 3-1 en meie harren kampioen fan de BeNe-league neame. De Flyers ferlearen earder dit seizoen ek al de Nederlânske titel en de beker oan Hijs Den Haag. De perioadestannen wiene sneontejûn 0-0, 0-2 en 1-3.

Yn in spannende pot wiene beide ploegen lang oan elkoar weage. Yn de earste perioade waard net skoard. Den Haag bruts de wedstriid yn de twadde perioade iepen nei in goal fan Raymond van der Schuit. Fuort dêrnei foel ek de 2-0 foar Den Haag, diskear troch Alan van Bentum.

De wedstriid waard dochs noch spannend doe't Adam Bezak betiid yn de tredde perioade foar de oanslutingstreffer soarge: 1-2. Lang duorre dy spanning net, want Oliver Petaky makke in minút letter de 3-1 foar Den Haag. Van Bentum sette it duel fjouwer minuten foar it ein op slot troch de 4-1 te skoaren. Jeffrey Melissant brocht yn de slotfaze de 5-1 einstân foar Den Haag op it skoareboerd.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)