Aris ferliest it yn twadde helte fan Den Bosch

24 mrt 2018 - 21:49

De basketballers fan Aris ha sneontejûn ferlern fan Den Bosch. De Ljouwerters giene thús yn it Kealledykje mei 90-82 ûnderút tsjin de nûmer trije fan de Dutch Basketball League. Aris stiet sechsde.

De Ljouwerters namen brutaal it inisjatyf en stiene nei it earste kertier mei 29-21 foar. Dy line koe yn it twadde kertier trochset wurde, sadat mei in stân fan 39-36 skoft hâlden waard.

Nei de rêst ferlear Aris it inisjatyf. Den Bosch wurke de efterstân fuort en stie nei it tredde kertier mei in lytse foarsprong fan 63-59 foar. Yn de lêste perioade koe Aris dy efterstân net mear goedmeitsje, sadat de wedstriid yn 90-82 foar Den Bosch einige.

Trefwurden: 
basketbal Aris
(advertinsje)