Winst Snits Wyt Swart tsjin MSC
Snits Wyt Swart hat sneontejûn yn de haadklasse A thús wûn fan MSC út Meppel. It waard 2-1 foar de Snitsers. By MSC waard in doelpunt ôfkard, nei de 1-0 fan Snits fan David van der Pol. Letter tekene Gerben Visser foar de 2-0. Yn de slotfaze wie it dochs noch raak foar MSC, doe't de Snitser keeper mei bal en al it doel yn rûn waard troch in spiler fan MSC.