Parkearterrein Ljouwert bekladde mei misledigjende tekst

24 mrt 2018 - 20:43

It parkearterrein fan in supermerk yn it sintrum fan Ljouwert is sneon bekladde mei in misledigjende tekst. Op it parkearterrein oan it Bleekhof stean de wurden 'KK Nazis!' skreaun. 'KK' is in ferwizing nei it wurd kanker. It is net bekend wa't ferantwurdlik is foar it fandalisme.

(advertinsje)