De simmertiid giet wer yn

© ANP
De simmertiid giet yn de nacht fan sneon op snein wer yn. Dit betsjut dat de klok om 02.00 oere in oere foarút set wurdt. Dêrtroch is it jûns langer ljocht.
De simmertiid wie de ôfrûne tiid ûnderwerp fan diskusje. Der waard yn it Europeesk Parlemint sels oer stimd. De útkomst wie dat de simmertiid foarearst bestean bliuwt, mar dat der ûndersyk komt nei de foar- en neidielen.
Yn oktober giet de klok wer in oere efterút, de wintertiid.