LIVE: Derop of derûnder foar iishockeyers UNIS Flyers

24 mrt 2018 - 19:35

Foar de iishockeyers fan de UNIS Flyers is it sneon derop of derûnder yn de striid om de titel yn de BeNe-league, it kampioenskip fan Nederlân en België. De Flyers spylje sneontejûn om 20.00 oere op It Hearrenfean de fjirde wedstriid yn de play-offs tsjin Hijs Hokij út Den Haag. Hijs Hokij stiet mei 2-1 foar. It giet om de bêste-fan-fiif. Dus as de Flyers sneon winne, is der snein in fiifde wedstriid yn Den Haag nedich foar in beslissing. Wint Hijs Hokij, dan is dy ploech kampioen fan de BeNe-League.

Wurket de stream net goed yn de Omrop-app? Folgje de wedstriid dan fia dizze link.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)