Darter Danny Noppert útskeakele yn Leverkusen

Danny Noppert © Omrop Fryslân, Ate Wielstra
Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der sneontemiddei yn Leverkusen net yn slagge de achtste finales te berikken. De 27-jierrige darter ferlear yn in beslissende leg mei 6-5 fan Joe Cullen út Ingelân. Lange tiid seach it der net nei út dat Noppert ferlieze soe. De Jouster kaam mei 3-0 foar en pakte ek noch in 5-3 foarsprong. Tsjinstanner Cullen smiet dêrnei in wichtige finish fan 72 út en sette yn de lêste leg oan mei in 180'er. Dêrmei kaam it Europeeske debút fan Danny Noppert by de PDC ta de ein.

Takom wike stiet yn München de twadde Europeeske Tour fan it profbûn op it programma. Noppert komt dêr sneon wer yn aksje op it poadium.