Flylân spilet foar it earst yn 'e skiednis kompetysjefuotbal

Foar it earst yn de skiednis hat der in offisjele fuotbalwedstriid west op Flylân. Sneon hie de jeugd fan SDS Easterein de primeur om tsjin VSV'31 te spyljen. SDS mocht as earste in kompetysjewedstriid spylje op it eilân, dat noch nea in offisjele fuotbalklup hân hat. De gemeente Flylân wie ek de lêste gemeente yn Nederlân dy't noch net ynskreaun stie by de KNVB. Dêr is dus no feroaring ynkaam.
Meikoarten wurdt it fjild op Flylân ek noch oanpakt foar in opknapbeurt. Oft der yn de takomst ek noch in team foar folwoeksenen komt, is noch net oan de oarder.
Nije wike woansdei is yn Fryslân Hjoed de folsleine reportaazje te sjen oer it nije team fan Flylân.