Better Harkemase Boys 'ferjit' te skoaren tsjin DVS'33

24 mrt 2018 - 16:36

Op it eigen Sportpark De Bosk hat Harkemase Boys sneontemiddei yn de tredde difyzje ferlern fan DVS'33. It waard 1-0 foar de gasten út Ermelo.

DVS'33 kaam yn de iepeningsfaze, nei de earste grutte kâns fan de thúsploech, op foarsprong troch in goal fan Gökhan Yasar. Nei de 1-0 foar DVS'33, ûntsnapten de Boys yn it earste kertier noch in pear kear oan in gruttere efterstân. Dêrnei kaam Harkemase Boys better yn de wedstriid en krige it in tal kânsen. Yn de twadde helte wie it ienrjochtingsferkear nei it doel fan DVS'33. Berwout Beimers, Robert Stelpstra, Johnny de Vries en ynfaller Ezra Schrijver koene de fertsjinne lykmakker net meitsje. Foar de Harkiten in soer en net fertsjinne ferlies.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(advertinsje)