Mûne Windlust yn Boerum is wer yn bedriuw

24 mrt 2018 - 15:35

De mûne fan Boerum, 'Windlust', is foar de twadde kear yn in fiif jier tiid iepene. Yn 2014 waard Windlust ek al iepene, neidat de mûne yn 2012 kompleet ôfbaarnd wie. In jier ferlyn waard de mûne út foarsoarch wer stilset. Dit kaam omdat Windlust, lykas 46 oare mûnen yn it lân, wjukken hie dy't út twa stikken bestiene. Neffens de Rykstsjinst foar it kultureel erfgoed wie dat net feilich. Mûnemakkers út Tsjummearum ha foar de nije wjukken soarge.

Boargemaster Bearn Bilker fan gemeente Kollumerlân die de iepeningshanneling troch de mûne wer draaie te litten. Sûnt de brân fan 2012 is der ûngefear ien miljoen euro oan de mûne fan Boerum bestege.

Trefwurden: 
mûne Boerum Windlust
(advertinsje)