Gjalt Benedictus ynformateur yn Tytsjerksteradiel

24 mrt 2018 - 15:18

Gjalt Benedictus fan Garyp sil om tafel mei de listlûkers fan de sân partijen yn de nije ried fan Tytsjerksteradiel. Benedictus is dêrfoar frege troch it CDA, dat woansdei as grutste partij út de bus kaam. It is net foar it earst dat er in nije koälysje besiket te foarmjen yn Tytsjerksteradiel, hy die dat earder al faker as ynformateur en formateur.

Benedictus begjint woansdei mei syn wurk. Hoe lang't er nedich hat, is neffens it CDA net te sizzen.

(advertinsje)